Jan Snijder


Jan Snijder hāldt in soarte fan fisueel deiboek by fol sketsen fan plakken dy't him om ien of oare reden dierber binne. It binne sketsboeken dy't foar śs ek fan belang binne. Se litte net allinne wat sjen fan syn ynderlike belibbingswrāld, mar jouwe ek in fassinearjend byld fan de ūntjouwing dy't hy as skilder trochmakke hat. It sjen nei dy sketsboeken is de bźste manier om wat oer de skilderijen fan Jan Snijder te sizzen.

Opfallend is dat de measte skilderijen min of mear fertroude titels as 'Haven Den Helder', 'Amelān', 'Boskrāne' en 'Wei by Duerswāld' hawwe. De sketsen moatte it sūnder neiere oantsjutting dwaan. Nettsjinsteande it feit dat de sketsen ympresjes fan ferlykbere lānskippen binne, lykje se topografysk ūnbelangryk. Se hawwe gjin nammen. De suggestje fan in bepaalde sfear, in natuerlike of organyske foarm en it fźstlizzen fan in bepaald momint fan de dei lykje wichtiger as in plakoantsjutting. Troch it brūken fan mar in bytsje kleur en linen bin-ne it hast stenografyske notysjes mei in sterk autonome śtdrukkingskrźft. De abstrakt oandwaande sketsen fan Jan Snijder meitsje dśdlik dat syn ūnderwerp net it lānskip, mar de subjektive waarnimming is.

Neist waarnimming giet it him ek om it skilderjen sels. Syn observaasjes binne yn haadsaak śtfierd yn oerālde materialen as kryt en sitempera. En syn antynaturalistyske styl en syn bedźste tonale palet wize ek nei foarmoderne tiden. Jan Snijder mijt bygelyks heldere kleuren lykas read, giel en blau. En mijt ek heftige, yn de kleuresirkel lyk tsjinoer elkoar steande kleurekombi naasjes as read-grien, blau-oranje en giel fiolet. Hy is dźrtroch ek it tsjinoerstelde fan in ympresjonist. In typysk ympresjonistysk snielānskip soe bygelyks yn trije dielen śtinoar falle: de loft soe giel wźze kinne, de snie blau en de oanwźzige beammen en hagen read. Elk fan dy dielen soe 'opkreaze' wurde kinne troch syn komplemintźre, sekondźre kleur. De wolken yn 'e loft soenen dan fiolet wźze, de foaroan lizzende snie soe oranje wźze en de reade beammen ensfh. soenen foarsjoen wźze fan griene plakken. De selfmade skilder Jan Snijder hat de wittenskiplike kleureskema's fan Newton of Goethe noait leare hoegd en hat se foar syn doel ek net nedich.

Yn it ynbannige wurk fan Jan Snijder is in subtile gearhing tusken de transparante en rinnende kwaliteiten fan it brūkte materiaal, it ferstriken fan de tiid en de persoanlike manier fan weromsjen. Sa binne de tempera skilderijen faak basearre op in dūbel oantinken. It earste is in ympuls śt it sketsboek en it twadde oantinken is it weromtinken oan de tiid of it barren, dat hy foar it earst troch dat plak rekke waard. In ferlykbere rook, in stilte, in lūd of in soartgelikense Ijochtskittering is genōch om jin eat te binnen te bringen. De waarnimming fan Jan Snijder wurdt dus net allinne stjoerd troch it sjen fan optysk waarnimbere ferskynsels, mar ek troch eksistinsjele fragen, as it letterlik wźzen op in bepaald plak, 'It giet my om de klank dy't my bystiet as bern doe't ik mei śs heit yn it lān rūn om Ijipaaien te sykjen of as ik oan it seefiskjen wie op 't Amelān', skreau er yn 2002. It giet him dus net om grutte fragen, oer libben en dea bygelyks, mar om de lytse dingen dy't yn it ūnderbewuste slomje; dingen dy't, sūnder dat ien dat sels wit, syn libben bepaald hawwe.

It lānskip hat altyd tsjinne as boarne fan rźst en besinning. Troch letterlik en figuerlik werom te kearen nei de fertroude ūnderfining syn jeugd is it lānskip foar Jan Snijder de śtdrukking fan syn ynderlike belibbingswrāld wurden. Troch werom te kearen nei de oerbylden fan see, strān en sleat; troch dy argetypen op in lyryske, mar fierder net botte spektakulźre wize śt te byldzjen, is hy altyd himsels, as skilder en as mins.

Rudy Hodel