Voorwoord "Jan Snijder", uitgave Museum Belvédère


In jier nei de iepeningsutstalling yn Museum Belvédère fan de krekt ferstoarne skilder Willem van Althuis fan It Hearrenfean iepenet skilder Bernlef de útstalling fan Jan Snijder (1960) út Drachten. Jan Snijder eksposearre syn skilderijen geregeld yn it Tripgemaal yn Gersleat en no makket er diel út fan de kolleksje fan Museum Belvédère, mei wurk fan oare Fryske lânskipsskilders as Willem van Althuis, Gerrit Benner, Jan Mankes, Christiaan Kuitwaard, Robert Zandvliet en Sjoerd de Vries.

Fernuvering is eins it wurd dat by de lânskippen fan Jan Snijder past. Fernuvering dy't by him al begjint as er syn atelier ferlit, by it sleatsje efter syn hûs, by syn kuiers nei de Smelle Ie, de Feanhoop, de polders of it Waad op Flylân. Alhoewol't yn syn wurk de topografy ûnbelangryk is, neamt er syn skilderijen altyd nei it plak dêr't se ûntstien binne. Foar him wurde it oantinkens oan plak en tiid, oan waar en wyn en oan syn stimmingen. Se jouwe in folslein subjektyf byld fan 'e plakken dy't er leafhat. Plakken dy't er hieltyd wer opsiket. It grutte gebear sille jo yn it wurk fan Jan Snijder net fine. It giet oer rêst en beweging en oer it Ijocht. It ljocht by dei of it Ijocht by nacht. Syn ynderke belibbingswrâld is foar de werjefte dërfan bepalend en dërom makket er ek diel ût fan ûs kolleksje.

Thorn Mercuur
directeur Museum Belvédère